1500 Spegelkarpers útset yn Fryske wetters

Yn it Fryske wetter binne sneon 1500 spegelkarpers útset. Dêrmei moat de stân fan de fisksoart op peil bliuwe. De karpers binne yn de nacht fan freed op sneon út Frankryk nei Wergea ta brocht. Dêrwei binne se op tweintich ferskate plakken yn 'e provinsje útset.
Alle spegelkarpers binne op de foto set, omdat elk in eigen, unyk skobbepatroan hat. As se fongen wurde, binne se dan werom te werkennen. Sa kin de groei en ûntwikkeling fan de spegelkarper folge wurde.