Platen fan Lawei ôfwaaid troch stoarm

Giele platen fan sydkant Lawei ôfwaaid © Sicco Riedstra
De hurde wyn soarget sneon foar problemen yn Drachten. By skouboarch De Lawei binne platen fan in sydgevel ôfwaaid. It teater sit midden yn in grutte ferbouwing. Der leit mear los guod op it dak. De brânwacht is dwaande it guod, lykas gasflessen en sa, fuort te heljen. In tydlike feilichheidsrailing wurdt der ek weihelle. De Gauke Boelensstrjitte is sletten foar ferkear. De gemeente hat de oannimmer ynskeakele om it guod op te rêden.
Oan de Wetterwille yn Drachten is in beam tsjin in hûs oan fallen. Der binne gjin ferwûnen fallen.