Dief slacht meiwurker fan winkel yn Drachten

10 jan 2015 - 11:58

In 76-jierrige man út Drachten is freed oppakt om't er in meiwurker fan in winkel oan de Dwerswyk slein hie. It slachtoffer wie de Drachtster oer it mad kaam by stellerij en hy spruts de man dêrop oan. Nei de mishanneling naaide de fertochte út.

Mei help fan Boargernet is de man oppakt. Hy is heard en dêrnei wer frijlitten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)