Deade by ûngelok mei auto te wetter by Nijlân

09 jan 2015 - 18:33

By in slim ûngelok op de Huniadyk by Nijlân is freed oan de ein fan de middei is in 63-jierrige man út Snits om it libben kaam. Syn auto rekke troch noch ûnbekende oarsaak yn it wetter.

Dûkers hawwe noch socht nei oare ynsittenden, mar yn 'e auto siet mar ien persoan. De traumahelikopter waard earst ek oproppen, mar waard letter wer ôfsein.

Trefwurden: 
ûngelok auto Nijlân deade
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)