Sven Kramer op EK twa kear tsjin Sverre Lunde Pedersen

09 jan 2015 - 17:25
  • Reedriden

Sven Kramer treft sneon op de earste dei fan it EK yn Chelyabinsk twa kear Sverre Lunde Pedersen as tsjinstanner. Op de 500 meter starte se yn de 8e rit, op de 5 kilometer is dat yn de lêste rit. By de froulju komt titelhâldster Ireen Wüst op de 500 meter yn de 7e rit tsjin de Russise Skokova oan de start. Op de 3 kilometer treffe twa Nederlânske froulju elkoar. Yn de 6e rit treft Ireen Wüst dan Jorien Voorhuis.

As Sven Kramer deryn slagget om wer Europeesk kampioen te wurden is dat syn 7e titel en nimt hy it rekôr fan Rintje Ritsma oer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)