Alde Fryske kaarten thús fia ynternet te sjen

09 jan 2015 - 16:53

Sa'n 6000 Fryske kaarten en boutekeningen fan de 15e oant en mei de 20e ieu kinne no thús besjoen wurde. Tresoar hat de kaarten digitaal makke en se binne te finen fia www.frieskaartenkabinet.nl. Minsken hoege dan net mear nei de stúdzjeseal fan Tresoar om it materiaal te besjen. De measte kaarten binne út de 18e en 19e ieu en jouwe in dúdlik byld fan de Fryske doarpen, stêden en lânskippen yn dy tiid. It materiaal is frij beskikber en mei dus bygelyks ek brûkt wurde foar ôfdrukken by artikels.

It giet hjir om it earste konkrete resultaat fan in grutte operaasje om it Fryske erfguod te digitalisearjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)