Vitens helpt bedriuwen om humussoer út it wetter te heljen

09 jan 2015 - 16:33

Vitens sil yn gearwurking mei RoyalhaskoningDHV oer de hiele wrâld drinkwetterbedriuwen helpe mei it winnen fan de stof 'humuszuur' by de suvering fan drinkwetter. Dizze technyk wurdt al tapast yn it Fryske produksjebedriuw Spannenburg en hat dêr in soad foardielen opsmiten. Neffens wurdfierder Judith Zuiderhout is de stof goed brûkber foar de lânbou en dêrtroch duorsum. Yn it ferline waard humussoer yn Europa foaral wûn út brúnkoal út Amearika en Australië. Dat proses wie net allinnich min foar it miljeu, mar ek kostber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)