Hynder út War Horse te gast yn Ljouwerter WTC

09 jan 2015 - 15:51

It wrâldferneamde hynder Joey út de foarstelling War Horse is freedtejûn te gast by de Fryske hynstekeuring yn Ljouwert. It hynder is eins in poppe en wurdt spile troch trije akteurs. It hynder moast freed earst even mei de Fryske hynders yn de kunde komme.

De Fryske merje Renske sil freedtejûn mei Joey optrede. De repetysje fan Joey en Renske gie goed. Se hawwe der alle fertrouwen yn dat de foarstelling goed gean sil. De foarstelling is folslein útferkocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)