Hearrenfean sjocht ôf fan ferkeap fan Crackstate

De gemeente Hearrenfean sjocht ôf fan de ferkeap fan Crackstate, gemeentehûs, parkeargaraazje en gemeentewerf. It plan wie om de gebouwen te ferkeapjen en dan wer te hieren fan de nije eigener. Dat soe finansjeel foardiel opleverje, mar dêr tinkt de gemeente no toch oars oer. Op de lange termyn soe dizze konstruksje krekt djoerder wêze.
Boppedat wie 2014 finansjeel in goed jier foar de gemeente troch de ferkeap fan bedriuweterreinen oan de A7. De gemeente stiet noch wol ûnder finansjeel tafersjoch fan de provinsje.