Fisker hellet netten te let leech: soad fisk dea

In 55-jierrige beropsfisker fan Urk is oanhâlden, omdat hy fûken yn de Lauwersmar net op tiid lege hie. Dêrtroch is in soad fisk deagien. Tafersjochhâlders fan de Hengelsportfederaasje Fryslân melden by de bisteplysje dat se netten mei in soad deade fisk seagen. De bisteplysje stelde in ûndersyk yn en easke fan de beropsfisker dat hy de netten leech makke. Doe't dy dat net die, krige hy in proses-ferbaal.