Ferwûne by ûngelok Boelensloane
Op de Blauhústerwei by Boelensloane hat freedtemiddei in ûngelok west, it giet om in frontale botsing tusken twa auto's. Ien ferwûne is mei de ambulânse nei it sikehús brocht. De oarsaak fan it ûngelok wurdt troch de plysje ûndersocht. It ferkear moast oer it fytspaad.