Fryske gemeenten moatte flink besunigje

09 jan 2015 - 13:41

Ferskate Fryske gemeenten, wêrûnder Ljouwert, moatte de kommende jierren swier besunigje op de begrutting, mear as it lanlik gemiddelde. Dat blykt út in ûndersyk fan de universiteit fan Grins. De gemeenten moatte de kommende jierren mear útjaan en tagelyk wurde se troffen troch besunigings fan it ryk. De kommende jierren komt it tekoart út op in totaal fan 4,8 miljard euro op jierbasis. Dat is gemiddeld sa'n 284 euro per ynwenner.

Foar de al wat swakkere gemeenten kin dit in grut probleem wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)