Deadebetinking ferhuzet foar ien kear nei it Saailân

09 jan 2015 - 10:46

De provinsjale deadebetinking is dit jier net yn de Prinsetún mar op it Saailân yn Ljouwert. Omdat it dit jier 70 jier lyn is dat Nederlân offisjeel befrijd waard, hat de organisaasje fan de betinking in grutter programma gearstald. Sa komme der 20 âld-striders út Kanada nei Ljouwert om by de seremoanje te wêzen. Der wurdt ek mear publyk as oare jierren ferwachte. De Prinsetún wurdt wol by de betinking belutsen, dêr wurdt it kampemint fan de Kanadezen út de oarloch neiboud.

It befrijingsfestival, in dei letter, is dit kear ek grutter as oars. Der komt in grut moarnsbrochje op it Saailân, it eveneminteterrein wurdt grutter en der ride de hiele dei âlde legerweinen troch de provinsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)