Stoarmwaar soarget foar oerlêst

09 jan 2015 - 10:23

De hurde wyn soarget freed op ferskate plakken yn ús provinsje foar oerlêst. Sa hat de wenwinkel Slump&Bos oan de Martin Luther Kingsingel yn Drachten stoarmskea. Ek yn Raerd wie sprake fan skea oan in hûs oan de Hegedyk. Yn Dokkum is de Be Quickloop ôflast. De wedstriid stie foar sneon op de planning, mar de organisaasje doart it net oan troch de hurde wyn. Rederij Doeksen hat de sneltsjinsten tusken Harns en Flylân foar sneon ek ferfalle litten. Der fart wol in ekstra normale feartsjinst. De tsjinstregeling foar Skylge is net feroare.

Trefwurden: 
oerlêst stoarmwaar
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)