Eastenriker Sinan Bytyqi nei Cambuur
SC Cambuur hat yn Sinan Bytyqi opnij in spiler hierd fan Manchester City. Bytyqi is in 19-jierrige Eastenrykske oanfallende middenfjilder. As jeugd-international hat er in tal kearen foar syn heitelân spile. Mei de komst fan Bytyqi spilet Cambuur yn op it fuortgean fan Albert Rusnák nei FC Grins.