Mooglik EK rekôr foar reedrider Sven Kramer

08 jan 2015 - 22:07

Reedrider Sven Kramer kin dit wykein yn Ruslân syn sânde titel EK allround pakke. Dêrmei soe hy Rintje Ritsma ôflosse as rekôrhâlder by de Europeeske kampioenskippen. Dochs wol Kramer him der net blyn op stare. It is neffens Kramer net syn belangrykste doel om boppe oan dizze listen te kommen. It EK is foar benammen wichtich as tarieding op it WK.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)