Subsydzjekraan Kleurrijk Beraad ticht

08 jan 2015 - 21:48
  • Ljouwert gemeente

It doek driget te fallen foar de multykulturele organisaasje Kleurrijk Beraad yn Ljouwert. Multyfunksjoneel sintrum De Verbinding oan it Súdfliet yn Ljouwert hat de hier mei yngong fan 1 maart opsein. It Kleurrijk Beraad is sûnt 2002 it mienskiplike platfoarm fan ferskate allochtoane organisaasjes yn Ljouwert. Woansdei krige it Beraad it berjocht dat de gemeente definityf ophâldt mei de subsdyzje.

Neffens de gemeente is it net mear nedich om it Beraad te subsidiearjen. Minsken dy't gebrûk meitsje fan it Beraad kinne tenei in berop dwaan op de wolwêzensorganisaasje yn eigen wyk of doarp. It Kleurrijk Beraad hat fan de gemeente it advys krigen om oan de slach te gean mei it oanboarjen fan alternative jildboarnen.

Foarsitter Hassan Azarzar fan it Kleurrijk Beraad is neffens eigen sizzen 'skrokken' fan it ferlies fan subsydzje en eigen romte. It bestjoer fan it Kleurrijk Beraad sil har no beriede oer de ûntstiene situaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)