FNP stelt fragen oer flater yn sâltwin-fergunning

FNP © Omrop Fryslân
De steatefraksje fan de FNP wol fan de provinsje witte oft de sâltwinning troch Frisia stillein wurdt as de boaiemdelgong mear as 27 sintimeter is. Oanlieding is it ynrjochtingsplan foar de wetterhúshâlding yn Noardwest-Fryslân. Dat moat oanpast wurde no't bliken docht dat der oare sifers brûkt binne as yn de fergunning foar de sâltwinning stiet.
De plannen geane út fan 27 sintimeter boaiemdelgong, wylst de minister en Frisia útgeane fan 30 sintimeter. De fraksje wol ek witte wêrom't de flater mei de sifers no pas opmurken is.