Fryske cartoonist makket protesttekening

08 jan 2015 - 16:05
  • Cartoonist Gerco van Beek

De Ljouwerter cartoonist Gerco van Beek is benaud dat cartoonisten gjin krityske tekeningen mear doarre te meitsjen. Dat seit er as reaksje op de oanslach op it satiryske tiidskrift Carlie Hebdo woansdei yn Parys. De oanslach hâldt ek de cartoonisten yn Fryslân bot dwaande.

Sels hat Van Beek fuortendaliks in cartoon makke as protest tsjin it geweld tsjin sjoernalisten. Dizze cartoon is ûnder oare pleatst op de VARA-webside Joop.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)