Auto te wetter yn Bantegea

08 jan 2015 - 14:26

Op De Koaisleat by Bantegea is in auto te wetter rekke. Neffens de plysje binne de ynsittenden, in mem en twa bern, út de auto. Under oare in traumahelikopter waard oproppen. De auto rekke te wetter neidat de bestjoerster op in beam botst wie.

De ynsittenden binne mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)