Van Leeuwen hâldt op as riedslid fan Hearrenfean

Gemeente It Hearrenfean
Jolanda van Leeuwen hâldt per 1 maart op as riedslid fan D66 yn de gemeente Hearrenfean. Reden foar har beslút is it feit dat Van Leeuwen mear oeren wurket yn har reguliere baan en har ferhúsplannen. Van Leeuwen en har partner út Smilde binne op syk nei in oar hûs bûten de gemeente Hearrenfean. Ek wol it riedslid hat dochter stypje by it iepenjen fan in winkel yn Winsum.
Van Leeuwen siet sûnt 2010 yn de ried fan Hearrenfean en hat ek in skoft fraksjefoarsitter fan D66 west. Har plak yn de ried wurdt oernaam troch Peter Ramautarsing.