Omwenjenden hâlde fragen oer lûdsoerlêst JFS

08 jan 2015 - 13:46

It lûd fan de Joint Strike Fighter, de JSF, bliuwt binnen de wetlike lûdsnoarmen. Dat stiet yn in technysk ûndersyksrapport fan TNO en NRL dat tongersdei yn de kommisje COVM presintearre is. Nettsjinteande de útkomsten fan it rapport bliuwe der fragen. Omwenjenden wolle graach dat der in lânlik lûdsmjitnetwurk komt om it lûdsnivo fan de JSF objektyf fêst se stellen.

Yn de kommisje COVM sitte omwenjenden fan de fleanbasis en ôffurdigen fan de provinsje en gemeentes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)