Grand Hotel Post Plaza wreidet út

Grand Hotel Post Plaza yn Ljouwert wreidet út. Kommende maaitiid moat it tal keamers ferdûbele wurde fan 40 nei 80. Hjirfoar moat it âlde postkantoar ferboud wurde. Ek komme der fjouwer sealen by en in grand-kafee.
Sûnt 1 jannewaris hat Post Plaza in nije direkteur, Herman Schreuder. Hy wie earder wurksum by Bilderberg Hotel De Klepperman yn Rotterdam. Schreuder komt oarspronklik út Snits en is 44 jier âld.