Ferskate Fryske demonstraasjes foar frijheid en tsjin geweld

08 jan 2015 - 13:35

Fryske politisy en sjoernalisten sille tongersdeitejûn op it Saailân yn Ljouwert demonstrearje foar de frijheid fan mieningsutering. Om 18.00 oere wurdt de demonstraasje hâlden nei oanlieding fan de oanslach yn Parys op it tiidskrift Charlie Hebdo. Dêrby waarden 12 minsken deasketten.

Boargemaster Fred Veenstra, foarsitter fan de Fryske boargemasterskring, die in oprop oan al syn kollega's om te kommen. Njoggen boargemasters ha yntusken tasein dat sy der by binne. Ek Fryske sjoernalisten fan de kranten en de Omrop komme nei it Saailân.

Hans Snijder, haadredakteur fan de Ljouwerter Krante, sil in taspraak hâlde.

Njonken Ljouwert binne ek yn Snits en Wolvegea tongersdeitejûn om seis oere demonstraasjes. By de Wetterpoarte yn Snits is in stil protest. Yn Wolvegea sil boargemaster Van Klaveren yn petear gean mei Kamal Dridi, fertsjintwurdiger fan de religieuze organisaasjes yn de gemeente.

Ferskate oare gemeenten, lykas Hearrenfean, Frjentsjerteradiel en Harns slute harren oan by de demonstraaje op it Saailân yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)