Wer nije spegelkarpers útset yn Fryslân

08 jan 2015 - 13:24

Kommende sneon wurde der op ferskate plakken yn de provinsje jonge spegelkarpers út Frankryk útsetten. Doel is om de spegelkarperstân yn de Fryske boezem op peil te hâlden. De spegelkarper is in lânseigene fisk. Hy heart yn de Fryske wetters, mar troch erflike oarsaken krije spegelkarpers gewoane skobkarpers as neiteam.

Dêrom helpe de sportfiskers de stân op peil te hâlden. Der binne yn de ôfrûne tsien jier 10.000 spegelkarpers útsetten en dat sil yn de kommende tsien jier op 'e nij barre. Sneon wurde der sa'n 700 karpers útsetten.

It is ferbean om spegelkarpers mei nei hûs te nimmen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)