"Sfear yn Parys fielt bedriigjend"

Pietsie Feenstra, Friezinne om utens fan Wjelsryp, is bot skrokken fan de oanslach woansdei op it satirysk blêd Charlie Hebdo yn Parys. Se omskriuwt de sfear op strjitte yn de Frânske haadstêd as bedriigjend. Op alle hoeken steane plysjeminsken of bewaking.
Ek de universiteit dêr't Feenstra wurket, is hermetysk ôfsletten. Der is mar ien yn- en útgong, dy't brûkt wurde mei.