Min fuotbalfjild hâldt spilers DWP oan de kant

08 jan 2015 - 12:41

Fuotbalferiening DWP út Sint Jânsgea traint fan tongersdei ôf hast net mear. Neffens it bestjoer fan de klup binne de fjilden, nei in grutte renovaasje, noch hieltyd min. De earnstige blessuere fan spiler Klaas Bos is dan ek de drip dêr't de amer fan oerrint.

Foarsitter Jan Boender is bang dat leden fan DWP oerstappe fan klup, om't de klup net langer in goed fjild biede kin. Boender hopet dan ek dat gemeente De Fryske Marren meiwurkje wol oan in oplossing, bygelyks in keunstgersfjild.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)