Foararrest fan ynbrekker út Harns ferlingd

08 jan 2015 - 12:24
  • (argyffoto)

It foararrest fan de 23-jierrige man út Harns, dy't fertocht wurdt fan 17 wenningynbraken op ferskate plakken yn Fryslân, is mei 90 dagen ferlingd. De man waard op 22 desimber ferline jier oanholden. Ofrûne moandei arrestearre de plysje ek noch in 25-jierrige frou út Boalsert, dy't de man holpen hawwe soe. De frou waard woansdei lykwols wer frijlitten.

Woansdei pakte de plysje nochris twa Harnzers fan 20 en 21 jier op. Ek dit twatal wurdt fertocht fan wenningynbraken yn Harns, Frjentsjer, Snits en Boalsert. Beide manlju sitte noch fêst.

De plysje is noch altyd dwaande mei it ûndersyk nei ferskate wenningynbraken yn Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)