Ljouwerter yn Gelderlân betrape yn stellen auto

08 jan 2015 - 08:10

In 20-jierrige man út Ljouwert is yn de nacht fan woansdei op tongersdei yn in stellen auto betrape by Geldermalsen (Gelderlân). De auto wie earder stellen yn Grins. Mei in kamerasysteem dat kentekens kontrolearret, kaam de plysje de Ljouwerter op it spoar.

In plysjeauto hat de achterfolging op sneldyk de A15 ynsetten. De fertochte is úteinlik by in tankstasjon by Kesteren oan de kant setten en arresteard.

Trefwurden: 
Ljouwert autostellerij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)