Advokaat Van der Goot tefreden oer oanpak moardsaak Olivier

Tjalling van der Goot, advokaat fan de fertochte dy't Miranda Olivier om it libben brocht hat, is tefreden oer de oanpak fan de rjochters. Der is sân jier sel en tbs tsjin de fertochte easke, mar hy hat neffens Van der Goot alle tiid krigen om syn kant fan it ferhaal te fertellen.
Neffens Van der Goot is dat nedich, om't de rjochters oars net in objektyf byld fan de situaasje krije kinne en dan is in earlike rjochtspraak neffens him net mooglik. De offisier fan justysje giet út fan deaslach, om't moard net te bewizen is.