SC Hearrenfean wint yn Spanje mei 4-1 fan Sint Truiden

07 jan 2015 - 21:05

De fuotballers fan SC Hearrenfean hawwe woansdei de oefenwedstryd tsjin de Belgyske fuotbalklup Sint Truiden mei 4-1 wûn. De earste goal kaam op namme fan de Sweedske debutant Simon Thern. Krekt foar it skoft kaam Sint Truiden út in strafskop op likense hichte.

Yn de twadde helte skoarden Tarik Kada, Pelle van Amersfoort en Thomas Dalgaard foar de Feansters. De Fryske klup is op it stuit yn Spanje op trainingskamp. Trainer Dwight Lodeweges is wiis mei de oerwinning.

Hy is benammen te sprekken oer de jeugdspilers dy't harren bêst dogge en goed út de farve komme. Takom freed spilet de klup noch tsjin Standard Luik. Lodeweges sjocht dy wedstryd as in krêftmjitting fan syn team. Sneontejûn komme de fuotballers wer werom nei Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)