Grutte Pier moat Fryske learlingen wer oan it lêzen krije

07 jan 2015 - 20:52

In boek oer Grutte Pier moat bern yn it fuortset ûnderwiis oan it Frysk lêzen bringe. It boek wurdt op tolve skoallen ferspraat en kin dan troch hast 1900 learlingen lêzen wurde.

It boek is skreaun troch Ate Grypstra en yn it Lês No-projekt sit ek in kompjûterspultsje. De wurkgroep fan it projekt fynt dat bern no fierstente min Frysk lêze en dêr moatte it boek en de game feroaring yn bringe. As it in sukses is, wol de projektgroep alle jierren in moai Frysk boek foar jongerein útbringe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)