LTO rûst mûzeskea op 40 miljoen euro

07 jan 2015 - 20:00
  • Troch mûzen stikken groeven lân by Yndyk

By it mûzemeldpunt fan LTO Noord binne oant no ta 474 skeagefallen binnenkaam. It giet om boeren mei lân dat stikken fretten is troch mûzen. De gefolgen fan de mûzepleach binne grut: in soad bedriuwen misse wol in jier oan gers en moatte in soad foer bykeapje. Boppedat moat it lân bewurke en op 'e nij ynsiedde wurde. De skea foar in trochsneed melkfeehâlder komt hjirtroch wol út op 80.000 oant 100.000 euro.

Neffens Wiebren van Stralen fan LTO Noord komt de skea mei-inoar wol út op sa'n 40 miljoen euro.

Fiif 'aksjeboeren' út Súdwest-Fryslân binne dwaande mei it organisearjen fan in 'mûze-aksjedei' op 19 jannewaris om mear omtinken foar it probleem te krijen fan de polityk. Der is op dy dei de moarns in rûnlieding troch it gebiet foar politisy. De middeis wurdt in rapport oer de mûzeskea presintearre op De Jouwer. Van Stralen fan LTO Noord fynt de skea fierstente grut om ôf te dwaan as ûndernimmersrisiko. 'In hegere of legere molkpriis is ûndernimmersrisiko. Mar lân dêr't in jier gjin gers ôfkomt, dêr kin in boer net tsjin melke.'' Bykommend probleem is dat de mûzen der noch hieltiten sitte en har ek noch hieltiten fermannichfâldigje. De bêste oplossing foar it probleem soe in strange winter wêze, mar dy liket op dit stuit noch fier fuort.

De mûzeskea is fierwei it grutst yn Fryslân, mar de lêste dagen krijt LTO ek hieltiid mear meldings fan skea út oare provinsjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)