Earste-ljipaaiwegering earder foarkaam

07 jan 2015 - 17:29

Boargemaster Gerard van Klaveren fan Weststellingwerf is net de earste boargemaster fan Fryslân dy't wegeret it earste ljipaai fan syn gemeente yn ûntfangst te nimmen. Anne van der Heide fan Burgum fûn yn 1972 it earste ljipaai fan Tytsjerksteradiel. Dat aaike waard doe wegere troch de boargemaster.

Van der Heide (90) kaam ta de ûntdekking dat yn alle gefallen boargemaster Henri Willem Karel Ridder Huyssen van Kattendyke en syn foargonger Walle Melis Oppedijk van Veen it aaike doe op it gemeentehûs fan Burgum ek net yn ûntfangst nimme woe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)