Alden kinne skoaljild net mear opbringe

07 jan 2015 - 14:53

Hieltyd mear âlden komme yn de problemen mei de ûnderwiiskosten foar harren bern. Dat docht bliken út sifers fan de stichting Leergeld. It giet om de frijwillige âlderbydrage dêr't ekstra dingen fan betelle wurde.

Neffens de stifting is it tal helpoanfragen fan âlden it lêste jier mei in tredde omheechgien. Direkteur Wiebe Wieling fan skoallemienskip Piter Jelles ken it probleem. De skoalle hat in needfûns foar sokke gefallen.

Trefwurden: 
Piter Jelles skoaljild
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)