Utjouwerij Bornmeer draait poerbêst jier

Utjouwerij Bornmeer yn De Gordyk hat mei 2014 it bêste jier hân yn syn histoarje. De omset gie omheech mei 60 prosint. Benammen de streektaal-Nijntjes, it trijedielige boek 'Fries goud en zilver' en it fotoboek 'Oranjekoek' wiene in súkses. It is neffens de útjouwerij opfallend dat Fryske boeken it goed dogge, lykas 'Op klompen troch de dessa' fan Hylke Speerstra en 'Skriezemaaitiid' fan Ysbrand Galama.
Bornmeer jout benammen boeken út oer natuer, keunst en kultuer. Foar dit jier stean al hast tritich boeken op priemmen.