Mûne-achternammen fergees nei útstalling oer mûnen

Ien fan 'e ferdwûne mûnen yn Harns © Hannemahûs
Minsken mei in famyljenamme dy't ôfstamt fan in mûne en beroppen dy't dêrmei te krijen hawwe, kinne twa wiken lang fergees nei museum it Hannemahûs yn Harns. Yn it museum is fan 15 jannewaris ôf de útstalling 'Molens in Harlingen' te sjen.
Oant healwei de 20e ieu stiene in soad wynmûnen yn en om Harns. Sy foarmen mei-inoar in grutte yndustry. It giet om bygelyks nôtmûnen, papiermûnen, wettermûnen en oaljemûnen. Troch de komst fan de stoommasine giene de Harnzer mûnen ferlern.
Minsken mei de namme Meulen, Van der Meulen, Meulenhoff, Meulehoek, Meulenaar, Van der Molen, Molenaar, Molenkamp, Korendrager, Olieslager ensafuorthinne kinne fergees it museum yn.