Rinsumageaster ferwûne by iensidich ûngelok yn Dokkum

Ien man rekke ferwûne © Ben de Jager/De Vries Media
In 21-jierrige automobilist út Rinsumageast is tiisdeitemiddei ferwûne rekke op de Moarrewâldsterwei yn Dokkum. De man rekke yn de berm en botste dêrnei tsjin in lantearnpeal. Hy is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht. De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak fan it ûngelok.