Fiif Friezen nei EK shorttrack

06 jan 2015 - 21:21
  • Sjinkie Knegt

Fiif Friezen komme op 23, 24 en 25 jannewaris yn aksje op it Europeeske kampioenskip shorttrack yn Dordrecht. Sjinkie Knegt, Daan Breeuwsma en Itzhak de Laat sille de striid oangean by de manlju, Suzanne Schulting en Rianne de Vries by de froulju. It ôfrûne wykein waard Sjinkie Knegt foar de tredde kear Nederlânsk kampioen, Daan Breeuwsma waard tredde. By de froulju waard Suzanne Schulting twadde en Rianne de Vries tredde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)