Letter meane en minder dong moat skriezetal groeie litte

06 jan 2015 - 17:00

Letter meane en minder dong brûke. Dat binne de maatregels dy't soargje moatte dat it tal skriezen tanimt. Dat skriuwt Roos Kentie fan de Ryksuniversiteit Grins. Sy die jierrenlang ûndersyk nei skriezen yn Súdwest-Fryslân.

Greiden dêr't skriezen beskerme wurde, meie no pas nei 15 juny meand wurde. Mar dan rint noch goed 40 prosint fan de piken yn it lân, dy't deameand wurde. It meanen moat útsteld wurde oant 1 july, skriuwt Kentie. Ek moat der minder dong brûkt wurde. Oars groeit it gers sa rap dat de piken der net mear trochhinne komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)