Dongeradiel is bliid mei belutsen ynwenners

06 jan 2015 - 16:02

De gemeente Dongeradiel is bliid dat de ynwenners fan Dokkum en de omlizzende regio tige belutsen binne by it plan foar sikehûs De Sionsberg. Dongeradiel is mei oare gemeenten yn de regio inisjatyfnimmer fan it planproses, wêrby't de ynwenners oanjouwe hokker soarch der krekt komme moat.

Ek de gemeente sels is posityf oer de oername fan De Sionsberg troch ûnder oare ZuidOostZorg út Drachten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)