ChristenUnie ûndersiket mooglike stipe foar MFC-plan Hantum

Der moat opnij sjoen wurde nei de mooglikheden om in nij multyfunksjoneel sintrum del te setten by Hantum, Hantumerútbuorren, Hantumhuzen en De Lytse Jouwer. Dat fynt de steatefraksje fan de ChristenUnie. De doarpen wolle graach harren âlde doarpshuzen ferfange troch ien nij MFC.
Inkele jierren lyn is al ris besocht om hjir jild foar frij te meitsjen út de Nuon-jilden. Dat is net slagge, ta grutte frustraasje fan de doarpen. De ChristenUnie freget no oan Deputearre Steaten wat de mooglikheden binne om it plan dochs finansjeel te stypjen.