Brink's oerleit op 'e nij oer oername fan eigen meiwurkers

06 jan 2015 - 13:38

Jildtransporteur Brink's wol tiisdei op 'e nij oerlizze mei kollegabedriuwen GSN, G4S en Securcash oer it yn tsjinst nimmen fan meiwurkers fan Brink's. It bedriuw moat hûnderten minsken dien jaan omdat it de Rabobank as klant ferliest. It bedriuw wol eigen wurknimmers sa folle mooglik ûnderbringe by oare jildtransporteurs. Dat is oant no ta net slagge.

De fakbûnen hawwe al aksje fierd en driigje mei nije aksjes. Brink's hat yn Drachten in fêstiging mei goed santich wurknimmers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)