Tredde ynbraak by transportbedriuw De Haan

Dieven hawwe foar de tredde kear yn in koart skoftke tiid ynbrutsen by transportbedriuw De Haan yn Sint Jabik. Dit wykein waard der 250 liter disel en in soad djoer ark stellen. De wearde fan it stellen guod leit dit kear tusken de fiif- en tsientûzen euro. Boppedat hawwe de ynbrekkers foar tûzenen euro's oan skea soarge mei harren fernielings.
Neffens eigener Hendrik de Haan liket it der op dat de dieven wisten wêr't se wêze moasten, om't it djoere ark net yn it sicht lei. De plysje ûndersiket de saak.