Fiif Fryske basisskoallen krije eigen skoalskriuwer

06 jan 2015 - 11:42

Fiif Fryske basisskoallen krije harren eigen skoalskriuwer. Dat is in inisjatyf fan de biblioteekservice Fryslân en De Schoolschrijver om skoallen better yn taal wurde te litten. De skriuwer komt op skoalle en giet op boartlike wize mei de bern oan de slach.

Neffens beide organisaasjes ferbetteret de skoalskriuwer it lêzen en skriuwen fan de bern. De skoallen dy't meidogge binne De Feart yn Jobbegea, De Stapstien yn Kollumersweach, De Reinbôge yn Twizelerheide, de Johannes Looyenga Skoalle yn Surhuzum en de Groen van Prinsterer yn Dokkum.

It projekt De Schoolschrijver is al fiif jier yn Amsterdam aktyf. Njonken Fryslân begjint it inisjatyf dit jier ek yn Grinslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)