SC Cambuur sil yn Portugal oefenje tsjin Gana

06 jan 2015 - 11:23

Sportklup Cambuur sil op it trainingskamp yn Portugal dochs noch in oefenwedstriid spylje. De Ljouwerters komme woansdeitemiddei yn aksje tsjin it nasjonale alvetal fan Gana. Dy ploech is drok dwaande mei de tarieding op de Afrika Cup dy't fan 17 jannewaris oant 8 febrewaris ferspile wurdt.

De ôftraap fan de oefenwedstriid is om 16.30 oere Nederlânske tiid yn it Estádio Algarve.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)