Plysje rôlet himpkwekerijen op yn Wâldsein en Ferwert

06 jan 2015 - 10:07

Yn in wenning oan de Melchior Clanstrjitte yn Wâldsein hat de plysje moandei in himpkwekerij ûntmantele. Yn de romte stiene 70 planten. De stroom waard yllegaal ôftape. De 27-jierrige hierder fan de wenning is oanhâlden. De planten en alle apperatuer binne yn beslach naam en ferneatige.

Ek yn in wenning oan de Haadstrjitte yn Ferwert binne moandei hast 400 himpplanten oantroffen. Se stiene sawol op de ûnder- as de boppeferdjipping. Ek hjir waard de stroom yllegaal ôftape. De hierder waard net oantroffen, mar sil ynkoarten heard wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)