Frijwilligers fan Voedselbanken noch altyd drok mei aksje

06 jan 2015 - 09:55

Frijwilligers binne trije wiken nei de finaledei fan de aksje Samen voor de Voedselbank noch altyd drok dwaande mei it ferfieren fan alle produkten. Yn desimber waard mar leafst foar in bedrach fan goed 115.000 euro oan iten ophelle. Al dy 50.000 produkten waarden opslein yn it gebou fan Omrop Fryslân.

Frijwilligers fan de itensbanken yn Fryslân ha de ôfrûne wiken dwaande west om al it guod te ferdielen en te ferfieren nei de ferskate Voedselbanken. Dizze wike wurdt it lêste guod ophelle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)