Friese Koers wol ynsicht yn tal plysjeminsken op strjitte

Plysje © ANP
De steatefraksje Friese Koers wol fan kommissaris fan de Kening John Jorritsma opheldering oer it oantal plysjeminsken dy't yn Fryslân op strjitte rinne. Neffens fraksjefoarsitter Jelle Hiemstra krijt hy fan de Direksje Plysje Regiokorps Noard-Nederlân net in dúdlik antwurd op dizze fraach.
Friese Koers hat koartlyn skriftlike fragen steld oan it korps om ynsicht te krijen yn it tal meiwurkers dat yn unifoarm op strjitte rint en hoefolle oeren dy meiwurkers op kantoar sitte. Mar neffens de partij kin it korps dy sifers net leverje.
Hiemstra is hjir fernuvere oer en hopet fia de kommissaris fan de Kening de sifers wol boppe tafel te krijen.