Wrâldwide erkenning foar it yntranet fan Accolade

Accolade
It yntranet fan wenningkorporaasje Accolade heart by de tsien bêste yntranetten yn de wrâld. De ynternasjonale erkenning komt fan de Nielsen Norman Group. Dat is in Amerikaansk bedriuw dat ekspert is yn it gebrûksgemak fan yntranet. Mei it yntranet fan Accolade kin de meiwurker maklik by de gegevens fan klanten. Dêrtroch kinne klanten better betsjinne wurde.
It is net foar it earst dat Accolade ynternasjonaal yn de prizen falt. Yn septimber krige de korporaasje al de Intranet Innovation Award út hannen fan in Australysk bedriuw.